Famke (17) berôve yn Ljouwert

13 jan 2012 - 09:55

De plysje siket tsjûgen fan in strjitrôf yn Ljouwert. In 17-jierrich famke waard tongersdeitemoarn tsjin healwei sânen oerfallen op de hoeke fan de Foarstreek-Hoeksterpaad. In man rûn mei opset sin tsjin har oan en skuorde har in plestik tas út 'e hannen. Dêr sieten medisinen en in spulkompjûter yn. De man naaide út yn de rjochting fan de Easterkade.

Nei't it slachtoffer de plysje belle hie, kaam der in man yn in auto oan, dy't har har stellen tas weromjoech. De plysje wol graach mei dy man of mei oare tsjûgen yn kontakt komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)