Famke (16) fan fyts lutsen

06 feb 2011 - 16:24

Trije ûnbekende mannen hawwe freed yn Harns in 16-jierrich famke fan de fyts lutsen. Dat fytste middeis nei hûs doe't se by it mortuarium fernaam dat se folge waard troch in swart buske.

Nei in besite oan de supermerk fytste se wer fierder oer it brechje by de Reade Grêft. Se hie sjoen dat it buske fan it parkearplak by de supermerk weiried doe't se wer op de fyts stapte. Yn de Kerkpoortstrjitte waard se klemriden en stapten trije manlju út dy't har fan de fyts lutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)