Famke (16) driget mei pistoal

17 mrt 2003 - 00:00

In 17-jierrich famke út Drachten is sneintejûn yn har wenplak mei in pistoal bedrige. Se hie spul mei in 16-jierrich famke. De twa joegen inoar klappen en ynienen pakte it jongste famke in pistoal, wêrmei se it slachtoffer bedrige. Neidat twa oare famkes, dy't der by wiene, begûnen te razen, naaide it famke mei it pistoal út.

De fertochte hat har letter melden op it plysjeburo. Se sit noch fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)