Famke (14) al in moanne fermist

12 feb 2003 - 00:00

Patricia Graciano út Holwert wurdt sûnt 8 jannewaris fermist. It 14-jierrige famke komt út Angola en wenne mei oare flechtlingen yn in appartemint yn Holwert. De plysje tinkt dat se frijwillich fuortgien is om't se al har klean meinommen hat. Se soe nei ien ta yn Arnhem, mar is net weromkaam.

Patricia hat in donkere hûdskleur, swart hier mei flechten. Se is 1.60 meter en hat in bril. De plysje ûndersiket de fermissing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)