Famke (13) yn Snits mishannele

29 jun 2006 - 14:58

In famke fan 13 jier is woansdei mishannele yn 'e J.W. Frisostrjitte yn Snits. It famke fytste by it fiadukt dêr't de stedsrûnwei oerhinne rint en waard dêr sa hurd oan it hier lutsen dat se fan 'e fyts foel. De ûnbekende persoan sloech it famke dêrnei.

It giet om in persoan fan 1.85 meter lang. Hy hat in blauwe spikerbroek oan en in wyt petsje op. Minsken dy't der mear fan witte, kinne belje mei de plysje op 0900-8844.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)