Famke (12) ferwûne by botsing

05 sep 2009 - 14:36

In famke fan 12 út Eastrum is freed ferwûne rekke doe't se op de fyts yn botsing kaam mei in oare fytser. It famke foel op de dyk en rûn dêrby skea oan har tosken op. Dy oare fytster ried lykwols laitsjend troch nei de botsing.

De oanriding barde freedtemoarn om kertier oer tsienen op de Tichelwei by Eastrum. De plysje is op syk nei de fytster dy't trochfytst is en wol ek graach kontakt mei tsjûgen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)