Famke (1) út Appelskea dea fûn yn wenhûs yn Assen

13 maaie 2015 - 15:23
  • Mensingestrjitte yn Assen

In famke fan in jier út Appelskea is woansdei dea fûn yn in hûs yn Assen. Wat de oarsaak fan har dea is is net bekend. De plysje docht dêr ûndersyk nei. Neffens de regionale omrop yn Drinte is it famke fûn yn in hûs yn de Mensingestrjitte yn Assen. De helptsjinsten soenen nei it hûs gien wêze nei in melding dat it famke net goed wurden wie. Doe't se dêr oankamen, wie it famke lykwols al ferstoarn. De omjouwing fan it hûs is ôfset fanwege it ûndersyk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)