Falske start froulju It Fean

08 okt 2009 - 21:50
  • Utrecht wûn mei 0-1 (foto: Martin de Jong)

De fuotbalfroulju fan Sportklup Hearrenfean hawwe tongersdeitejûn de earste wedstriid fan it nije seizoen mei 1-0 ferlern. Op Sportpark Skoatterwâld hie FC Utrecht it measte gelok. Mandy Versteegt soarge yn de 29ste minút foar it iennichste doelpunt fan de wedstriid.

De measte en moaiste kânsen yn de earste helte wiene foar de thúsploech. De froulju fan Hearrenfean wolle dit seizoen gâns heger einigje as it sechde plak fan it ôfrûne seizoen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)