Falske sponsoraksje VV Dokkum

20 feb 2008 - 11:21

It bestjoer fan fuotbalklub Dokkum hat oanjefte dien tsjin in man dy't dwaande is mei in sponsoraksje foar de klub. VV Dokkum hat nammentlik hielendal gjin sponsoraksje.

De jonge, neffens de klub in âld-lid, giet by de doarren del en lit minsken yntekenje op in list. Hy seit dat de opbringst nei de fuotbalferieniging giet. De jonge soe wer lid wurde wolle, mar hy moat dan wol in jier kontribúsje betelje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)