Falske oanjefte mishanneling

14 aug 2012 - 10:55
  • Poeisz, Oerfal, Ljouwert

De plysje hat proses-ferbaal opmakke tsjin in 26-jierrige Grouster fanwege in falske oanjefte. De man hie by de plysje meld dat er op 24 july yn Aldskoat fan 'e fyts slein wie troch twa donkere manlju. Hy soe dêrby ferwûne rekke wêze oan skouders, gesicht en gebit. By it ûndersyk kaam de plysje derachter dat it ferhaal net wier wêze koe.

Yntusken hat de man witte litte dat er ferwûne rekke is troch in fal mei de fyts. Neist in proses-ferbaal moat er de plysje ek jild betelje fanwege ûnnedich ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)