Falske oanjefte fan strjitrôf

21 apr 2006 - 15:01

De plysje hat mei de oanhâlding fan in 21-jierrige frou út Ljouwert en har 25-jierrige freon opnij in falske oanjefte fan in strjitrôf oplost. De frou hie op 8 april oanjefte dien fan in oerfal yn Ljouwert.

In jonge op in scooter soe har tas stellen ha mei dêryn har mobyltsje en beurs. Nei 10 dagen fan ûndersyk waard dúdlik dat it om in falske oanjefte gong. De frou joech ta dat se de fersekering oplichte woe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)