Falske melding fan gizeling

30 jun 2003 - 00:00

In gizeling hat de plysje fan Snits moandei fergees dwaande hâlden. It gie om in falske melding. Yn in hûs oan de Waling Dykstrastrjitte soe in frou (26) gizele wêze. Nei oerlis mei Justysje is de plysje it hûs yngien.

It die bliken dat der fan in gizeling gjin sprake wie. De frou mankearre neat. Trije manlju dy't yn it hûs wienen, binne heard. De melder, in man fan 43 jier út Snits, is oanhâlden fanwegen syn falske melding.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)