Falske bommelding yn Ljouwert

31 okt 2002 - 00:00

In falske bommelding soarge woansdei foar in soad ûnrêst yn Ljouwert. Om healwei achten krige de plysje de melding dat der in bom lizze soe by in tankstasjon oan de Stuyvesantwei. De bom soe twa oeren letter ûntploffe.

Doe't de plysje in fertocht pakket oan trof, is de omjouwing ôfset. Der siet in bakstien yn. Trije jonges (16) binne oanhâlden, twa ha al bekend.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)