Falske bankbiljetten yn omrin

22 aug 2011 - 14:49

De plysje siket minsken en bedriuwen yn Snits dy't slachtoffer wurden binne fan in man dy't betelle mei falsk jild. De saak kaam oan it rôljen doe't in ferkeaper fan in kompjûter in biljet fan 200 euro ynleverje soe by de bank. Bliken die dat it falsk wie.

Letter seach de kompjûterferkeaper de klant rinnen dy't betelle hie mei it falske biljet. Hy hold de man oan en droech him oer oan de plysje. Sa kaam de plysje in fertochte út Horst op it spoar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)