Falske 112-melder út Bontebok

19 apr 2013 - 15:03
  • Meldkeamer Drachten

In 44-jierrige ynwenner fan Bontebok is troch de plysje oanhâlden, omdat er falske 112-meldings dien hie. De man socht ôfrûne nacht ferskate kearen kontakt mei de meldkeamer op 112. Hy belle ek geregeld it algemien plysjenûmer 0900-8844. De man hâlde dêrmei net allinnich de telefoanlinen beset foar oaren, hy die ek noch falske meldings.

Plysje giene dêrom nei syn hûs en hâlden him oan. Hy is meinaam nei it plysjeburo. De man krijt help oanbean omdat it geastlik net goed mei him giet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)