Falsk jild yn Wolvegea

30 des 2001 - 00:00

In echtpear fan Aldeholtpea waard sneontemiddei by de Konmar oansprutsen troch in ûnbekende man. Hy frege oft sy in bankbiljet fan 100 gûne wikselje koene. De frou (69) hat de man doe twa briefkes fan 25 en ien fan 50 gûne jûn.

Doe't de frou de 100 gûne yn hannen hie, fertroude se it dochs net. By kontrôle die bliken dat it net echt wie. De man wie yntusken útnaaid.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)