Falsk jild yn omrin

11 jun 2003 - 00:00

Der is tiisdeitemiddei falsk jild oanbean op it postkantoar oan it Aldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert. It giet om twa biljetten fan hûndert euro. In Ljouwerter besocht it jild op in rekken te stoarten, mar dat slagge net.

De man is dêrnei fuortrûn. In pear oeren letter hat in klant mei in falsk biljet fan 100 euro betelle by in bedriuw oan it Mariahof yn Ljouwert. Letter die pas bliken dat it biljet falsk wie. De plysje ûndersiket de saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)