Falpartij funest foar René Hooghiemster by NK

28 jun 2015 - 16:33
  • René Hooghiemster (argyffoto)

Hurdfytser René Hooghiemster út Drachten is der snein net yn slagge in poadiumplak te pakken by it Nederlânsk kampioenskip op 'e dyk yn Emmen. De Drachtster siet lang yn in kopgroep fan acht man, dy't in foarsprong fan mar leafst 17 minuten naam. Stadichoan slagge it peloton der yn om dy marzje yn te rinnen. De kânsen foar Hooghiemster ferfleagen lykwols doe't er 15 kilometer foar de einstreek ûnderút gong yn in glêde bocht.

De winst nei 253 kilometer gong nei Niki Terpstra, dy't de rapste wie yn de einsprint.

Yn de massasprint wist Terpstra syn konkurrinten Ramon Sinkeldam en Danny van Poppel mei in noaslingte foar te bliuwen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)