Fallyt driget foar Fryske plysje

29 sep 2000 - 10:11

De Fryske plysje driget yn slimme finansjele swierrichheden te reitsjen as der net in bydrage fan de oerheid komt. Dat seit korpsbehearder Van Maaren, dy't it Ryk om in ekstra stipe freget.

De kommende tiid is in soad jild nedich, foaral foar húsfesting. It tekoart is 70 miljoen gûne. Ek 20 prosint fan de Fryske plysjeminsken dy't meikoarten earder mei pinsjoen geane, kostje in soad jild.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)