Fallyt Burggraaff dreunt nei

21 jun 2011 - 13:42

It fallisemint fan boubedriuw Burggraaff klinkt ek hurd troch yn it eardere festigingsplak Frjentsjer. It bedriuw is dêr 160 jier lyn begûn. Dêr steane tal fan gebouwen en wenten dy't troch Burggraaff boud binne.

Burggraaff soe de kommmende tiid yn Frjentsjer twa nije supermerken oan de Ljouwerterdyk bouwe. In heal jier lyn hat opdrachtjouwer Albert Heijn Burggraaff lykwols al fan dy put ôfhelle. Sy hiene gjin fertrouwen mear yn it boubedriuw.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)