Fallite makeler oernaam

12 jun 2009 - 20:52

Kamminga Makelaars yn Ljouwert hat de bedriuwsmakelerij fan Boelens Jorritsma yn Fryslân oernommen. It giet om de festigings yn Ljouwert, Snits en op It Hearrenfean. Hoefolle der krekt betelle is foar de oername is net bekend makke.

It Grinzer bedriuw Boelens Jorritsma gie in moanne lyn fallyt. It bedriuwsûnderdiel foar partikulieren is earder al oernommen troch de Rotero Groep fan It Hearrenfean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)