Fallite keunststofhannel Prosé út Britsum oernaam

28 jan 2015 - 19:38

Seis fan de acht wurknimmers fan it fallite bedriuw Prosé Kunststoffen út Britsum kinne troch in oername oan it wurk bliuwe. De kurator hat yn it bedriuw Genap út 's-Heerenberg in geskikte oernamekandidaat fûn. Prosé kaam ein ferline jier yn finansjele problemen en waard begjin desimber fallyt ferklearre.

Der wienen meardere oernamekandidaten, mar Genap koe de measte wurknimmers oan it wurk hâlde en hat dêrom de foarkar krigen. Prosé bliuwt foarearst ûnder de eigen namme wurkjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)