Fallite fotosaak ien dei iepen

04 nov 2005 - 18:01

De fallyte fotosaak Objektief/Kral Foto's oan de Ljouwerter Voorstreek is freed noch ien dei iepen foar publyk. Minsken krije de kâns om de eigen foto's of kamera's út de fallite winkelketen te heljen.

De fotoketen moast yn oktober de doarren slute troch de opmars fan de digitale kamera. Der kamen de lêste tiid noch mar kwalik minsken mei fotoroltsjes oansetten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)