Fallissemint Van Vuuren driget

16 feb 2001 - 11:44

Doarrefabryk Van Vuuren yn Grou sit yn 'e problemen. It bedriuw hat in skuld fan miljoenen en in fallissemint liket tichtby. By it fabryk wurkje 58 minsken.

Der ha petearen west mei trije mooglike oernamekandidaten. Dy binne lykwols op neat útrûn. It bedriuw hopet noch in trochstart meitsje te kinnen, mar sil dan wol ynkrimpe moatte. Hoefolle man har baan ferlieze is ûndúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)