Fallissemint Omrop Smellingerlân

22 feb 2005 - 16:21

De lokale omrop fan Smellingerlân RTS freget tiisdei it fallissemint oan. De omrop hat in tekoart fan tsientûzenen euro's. Petearen mei de gemeente oer 20.000 euro ekstra subsydzje binne op neat útrûn.

By Omrop Smellingerlân wurkje fiif minsken yn fêste tsjinst en der binne sa'n 120 frijwillige programmamakkers. De Omrop hopet op in trochstart. Oant dy tiid wurdt der nei alle gedachten net útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)