Fallissemint foar Walda Drachten

08 jun 2006 - 10:21

It ynstallaasjebedriuw Walda yn Drachten hat it fallissemint oanfrege. By it bedriuw wurkje njoggentich minsken. Bestjoerder Jan Kampherbeek fan it fakbûn CNV yn Drachten seit dat de finansjele problemen sa grut binne dat leveransiers gjin guod mear leverje wolle.

It fallissemint komt op in ûngelokkich momint, seit it CNV. De merk luts krekt wer wat oan, mar foar Walda Drachten kaam dat dus te let.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)