Fallisemint Sytsma útsprutsen

12 feb 2013 - 16:39
  • Sytsma Gevel- en Betonrenovaasje

Fan it bedriuw Sytsma yn Sweins, gevel- en betontechnyk, is tiisdei it fallisemint útsprutsen. Der wurkje tachtich minsken by it bedriuw. In kurator sil woansdei by Sijtsma del om te besjen hoe't it bedriuw derfoar stiet en oft der noch in trochstart mooglik is.

Ferline wike waard bekend dat it bedriuw net mear te rêden wie. Der is noch wol wurk, mar finansjeel stiet it bedriuw der sa min foar dat der eins gjin takomst mear is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)