Fallisemint Henk ten Hoor

06 okt 2012 - 10:54
  • Fallisemint

De bewâldfierder fan tekstylkonsern Henk ten Hoor hat it fallisemint oanfrege. Dat hat fakbûn FNV Bondgenoten oan it personiel witte litten. It fakbûn seit dat de ûntslachbrieven yntusken ferstjoerd binne. Neffens RTV Noord is de ferwachting dat de rjochtbank yn Assen it fallisemint tiisdei útsprekke sil.

Der binne yntusken meardere oernamekandidaten foar it kleankonsern. Henk ten Hoor hat mear as 100 winkels, wêrfan 17 yn Fryslân. Der wurkje 400 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)