Fallisemint hat gjin grutte gefolgen foar Fryske DA-winkels

29 des 2015 - 17:59

It fallisemint en de trochstart fan drogisterijketen DA ha foarearst gjin grutte gefolgen foar de winkels yn Fryslân. Allinnich de winkels dy't ûnder it haadkantoar falle, moatte mooglik foar in part de doarren slúte. De measte Fryske winkels binne franchisewinkels. Dy binne dus gjin eigendom fan it fallite DA.

Dochs sil ek yn dy winkels wat feroarje. Sa stiet it DA-logo op de gevel. In soad fan de produkten komme ek fan DA. Hoe't dat der no daliks út komt te sjen hinget ûnder oaren ôf fan de nije eigener fan it memmebedriuw.

Oername

De Nederlandse Drogisterij Service nimt it fallyt ferklearre DA oer. Net alle banen by DA bliuwe bestean. Dat hat it fakbûn FNV bekend makke op basis fan in brief oan it personiel.

De kommende wiken moat dúdlik wurde hoefolle minsken har baan hâlde kinne. Yn Fryslân binne der mear as 20 DA-winkels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)