Fallisemint foar Fryske festigings fan Matras Direct

16 apr 2015 - 14:13

It bedriuw Matras Direct, dat bêden en matrassen ferkeapet, is troch de rjochtbank yn Oerisel fallyt ferklearre. It bedriuw hat twa festigings yn Fryslân, ien yn Ljouwert en ien yn Wolvegea.

Matras Direct wie ien fan de earste winkels dy't bêden op ynternet ferkocht. It gie al in skoft min mei de ferkeap fan de matrassen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)