Fallisemint driget foar Oenema

09 okt 2014 - 12:32
  • Taksy Oenema

Taksybedriuw Oenema fan It Hearrenfean driget fallyt te gean as soarchgroep Alliade net in heal miljoen euro betellet foar it hendikepteferfier dat Oenema útfierd hat. Dat hat it ferfiersbedriuw sein by it koart pleit dat it oanspande tsjin Alliade.

Ek ûnderoannimmers Waaksma en Javo soene gefaar rinne as Alliade net betellet, sa seit Oenema. Alliade wol net betelje om't sy de taksyferfierder fertinke fan sjoemeljen mei de kilometerfergoeding. De soarchgroep wol dêrom dat Oenema earst alle ynformaasje oer de taksyritten beskikber stelt.

Oenema fersoarge jierrenlang it hendikepteferfier foar Alliade, mar ferlear koartlyn de konsesje oan Taxi Klomp út Ede.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)