Fallisemint drafbaan oanfrege

10 jan 2010 - 15:05
  • De drafbaan fan Wolvegea yn bettere tiden

Kurator Mensink fan it fallite drafsintrum yn Wolvegea hat no ek it fallisemint oanfrege fan de drafbaan, omdat dy de baanhier net betelje kin. Tiisdei wurdt de oanfraach behannele troch de rjochtbank yn Ljouwert. As de rjochter it fallisemint útsprekt is de ein fan de draverijen wer tichtebij.

It drafsintrum, de eigner fan grûn en gebouwen, waard al earder fallyt ferklearre. De drafbaan wurdt dêrom ferkocht. De lêste wiken waard troch te min animo al net mear draafd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)