'Fallisemint berne-opfang'

04 jul 2014 - 09:53

It memmebedriuw fan de berne-opfangorganisaasje Catalpa, mei ek fêstigingen yn Fryslân, giet nei alle gedachten fallyt. It giet om Estro, in organisaasje mei berne-opfang troch it hiele lân hinne. Klanten fan it bedriuw ha in brief krigen. Dêr stiet yn dat nei alle gedachten it fallisemint oanfrege wurdt, meldt de Volkskrant freed.

De Fryske fêstigingen fan Catalpa binne ûnderdiel fan Estro. It giet om kresjes, mar ek tusken- en neiskoalse opfang.

Neffens it fakbûn AbvaKabo FNV komt der in trochstart. De Britske berne-opfang Small Steps nimt in grut part fan Estro oer. Dêrtroch kinne 250 fêstigingen iepenbliuwe. Hoe't it komt mei de berne-opfanglokaasjes yn Fryslân is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)