Fal fan souder Blokhûspoarte

06 jan 2010 - 10:33
  • Yn de eardere finzenis sitte no in soad lytse bedriuwkes

Der hat tiisdeitenacht in slim ûngelok west yn de âlde finzenis fan Ljouwert, de Blokhúspoarte. Frank Homan (34) út Ljouwert foel by wurksumheden troch in soudergat nei ûnderen en rekke slim ferwûne. It slachtoffer waard earst nei it sikehûs yn Ljouwert brocht en letter oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

Homan wie mei trije oaren nei de souder klommen. Homan hat in horekagelegenheid yn de finzenis en is ek de eigner fan restaurant Doozoo yn Ljouwert.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)