Faksinaasje foar 9-jierrigen

05 apr 2006 - 18:33

Sawat tûzen bern krigen woansdei yn it FEC yn Ljouwert in faksinaasje fan sûnenstsjinst GGD Fryslân. En net ien, mar twa prikken. Yn elke earm ien. Mei it prikdiploma binne de njoggenjierrigen beskerme tsjin de bof, mûzels, reahûn, diftery, tetanus en polio.

Yn it FEC rûnen klowns om om de pine wat te fersêftsjen en krigen de bern in appel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)