Faksinaasje foar 65-plussers

25 sep 2009 - 19:46

Goed tûzen 65-plussers fan Ljouwert dogge kommende wike mei oan in faksinaasje-ûndersyk tsjin de pneumo-kokken-baktearje, dy't by âldere minsken û.o. longûntsteking feroarsaakje kin. De dielnimmers witte net oft se it echte faksin of in nepmiddel ynspuite krije. Beide groepen wurde nei yninting mei elkoar fergelike om te sjen wat it effekt is.

De ûndersikers hoopje mei dit ûndersyk in faksin te finen dat âldere minsken beskermet tsjin bygelyks longûntsteking.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)