Faksin foar opspoaring tongblier

23 jul 2001 - 00:00

Neffens de NLTO kin it middel dat brûkt is as needfaksinaasje tsjin tongblier net as markerfaksin tapast wurde. It guod soe net kompleet wêze. Mei in markerfaksin is te sjen of in bist besmet is mei tongblier of dat it yninten is.

It faksin is makke troch ûndersyksynstitút ID Lelystêd. It ynstitút ûndersyket op dit stuit tûzenen bloedmeunsters dy't nommen binne op de Feluwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)