Faklearkrêften jouwe stipe op skoallen by gymnastyk

01 feb 2015 - 16:06
  • Fuotballerkes yn aksje

Op de helte fan alle Fryske basisskoallen krije groepslearkrêften by gymnastyklessen stipe fan in faklearkrêft. Dizze wurdt betelle mei finansjele stipe fan gemeenten, soarchfersekerder De Friesland en Sport Fryslân.

It projekt Sport op Basisskoallen rint sûnt 2011 en soarget derfoar dat 30.000 Fryske skoalbern genôch beweging krije, sa docht bliken út ûndersyk. Ek prestearje bern better op balfeardigheidstesten en wurdt tsjingien dat bern te swier wurde. Mei-inoar dogge njoggentjin Fryske gemeente mei oan it projekt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)