Fakkelwake by Lauswolt

09 nov 2004 - 10:13

Minsken dy't har ynsette foar asylsikers yn Fryslân, sille tiisdeitejûn demonstrearje. Sy dogge dat by Lauswolt yn Beetstersweach. Dêr sliepe dan ministers út ferskate lannen dy't oerdei yn Grins gearkomme yn in Europeeske top oer yntegraasje.

De top duorret fan tiisdei oantemei tongersdei. Vluchtelingencordon Fryslân wol de komst fan de ministers oangripe om omtinken te freegjen foar de asylsikers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)