Fakkeltocht smyt mar bytsje op

18 feb 2010 - 16:40
  • It Earnewâldster skûtsje.

It wie in prachtich gesicht, woansdeitejûn op it iis by Earnewâld. Dêr koene iisleafhawwers yn it tsjuster reedride. De tocht is 25 jier ferlyn foar it lêst hâlden. Mei blikken petroleum waard de baan fan twa kilometer ferljochte.

De opbringst fan de jûn soe brûkt wurde foar in nij túch foar it Earnewâldster skûtsje. Mar neffens de organisaasje hat de jûn fral wille opbrocht. Nei alle kosten bleau mar in pear hûndert euro oer foar it túch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)