Fakkelrin nei Special Olympics

13 jun 2014 - 16:51
  • Dielnimmers oan de Torch Run dwaande mei it lêste stikje

De fakkelrin makket har lêste kilometers troch Fryslân. Freed om healwei twaen wie Hero Hoekstra mei de flam yn Snits. Freedtejûn om 19.45 oere wurde de Special Olympics Nationale Spelen 2014 offisjeel iepene mei it oanstekken fan de 'Flame of Hope'. Dit is dan live te sjen op Omrop Live op ynternet.

De Spelen iepenje freed mei in spektakulêre liveshow mei optredens fan Danny de Munk, Ellen ten Damme, Lange Frans en Syb van der Ploeg. Oan de Spelen dogge 2000 G-sporters mei. Hero Hoekstra hat der al in hiele reis opsitten mei de flam.

By syn tocht is hy troch in soad minsken oanmoedige.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)