Fakkelprotest tsjin gasboarrings

24 okt 2004 - 12:20

Mear as fiiftûzen minsken hawwe freedtejûn mei fakkels demonstrearre tsjin gaswinning yn it Waad. Sy stiene ûnder oaren op acht plakken oan de Fryske waadkust.

De aksje fan de Waadferiening en Grien- Links waard holden fan Texel oant en mei Borkum en fan Den Helder oant en mei Eemshaven. It motto fan de fakkel- dragers wie 'Laat het wad niet zakken'. Ekonomyske belangen soene net te'n koste gean moatte fan de natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)