Fakkeloptocht tsjin Irak-oarloch

07 feb 2003 - 00:00

Solidêr Fryslân organisearret sneon yn Ljouwert in fakkeloptocht tsjin de driigjende oarloch yn Irak. De demonstraasje giet by ferskate tsjerken en it stedskantoar del. It gemeentebestjoer fan Ljouwert en de provinsje Fryslân krije in petysje oanbean.

De dielnimmers wurde oproppen oare wike sneon nei Amsterdam te reizgjen foar de lanlike demonstraasje tsjin in oarloch yn Irak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)