Faker fêst plak by Stortemelk

20 okt 2014 - 20:28
  • Camping Stortemelk Flylân

Kemping Stortemelk op Flylân hat dit jier yn tsjinstelling ta de lanlike sifers mear kampearders mei in fêst plak hân. It tal minsken dat in eigen kampearplak hat, nimt al jierren ôf. Mar dat jildt dus net foar Stortemelk, dy't it tal kampearders mei in fêst plak tanimmen seach.

Kemping Stortemelk sit kwa fêste plakken oan it maksimum, mar sil dêrfoar gjin ekstra romte meitsje. Direkteur Jan van der Veen wol nammentlik dat de ferhâlding tusken de fêste plakken en de oare plakken goed bliuwt.

Kemping Stortemelk hat dit jier yn fergelyk mei it ôfrune jier ûngefear likefolle kempinggasten lutsen. De kemping stie yn it heechseizoen fjouwer wiken lang folslein fol. Van der Veen sjocht dan ek mei in goed gefoel werom op it ôfrûne seizoen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)