Fakbûnen: Xenos is dwaande mei 'stille reorganisaasje'

12 mrt 2015 - 15:17
  • Xenos soe dwaande wêze mei in 'stille reorganisaasje', tinke de fakbûnen

Winkelketen Xenos besiket in part fan de meiwurkers kwyt te reitsjen. Dat sizze fakbûnen FNV en CNV. Xenos hat yn Fryslân seis filialen. Neffens de fakbûnen giet it om in stille reorganisaasje. Se hawwe fan Xenos-meiwurkers heard dat dy by har funksjonearringspetearen in ferklearring op papier krije dêr't se tekenje kinne foar har eigen ûntslach.

Hoefolle fan sokke meldingen de bûnen út Fryslân krigen hawwe, is noch net dúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)