Fakbûnen wolle lean net betelje

27 sep 2006 - 16:28

De fakbûnen binne foarearst noch net fan doel om de leankosten fan de Arriva-sjauffeurs foar har rekken te nimmen. De sjauffeurs ha woansdei sawat sân oeren lang de bussen oan de kant set, nei in konflikt mei de direksje oer de wurktiden.

Oer dy wurktiden waard wol in akkoart berikt. Arriva-direkteur Hettinga seit dat de fakbûnen de wurkûnderbrekking fan woansdeitemoarn mar erkenne moatte as in staking, en net as wurkoerlis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)