Fakbûnen organisearje opnij grutte metaalstaking

05 feb 2016 - 10:22
  • Staking

De fakbûnen FNV en CNV lansearje no moandei yn Mearum, Grinslân, de grutste metaalaksje yn it noarden oant no ta. De aksje begjint moarns mei taspraken fan bestjoerders en ûnderhannelers. Dêrnei folget in kanonsalvo foar in goeie CAO.

De fakbûnen roppe meiwurkers fan fyftich metaalbedriuwen yn it noarden op om te staken. Dat betsjut dat nei alle gedachten 1.200 minsken it wurk dellizze.

"Graag of niet"

Yn de sektor is al sûnt maaie ferline jier sprake fan in CAO-konflikt. Bestjoerder Anton Meijerman fan it CNV sprekt fan in "graag of niet"-kâns foar de wurkjouwers. Helpt dat allegearre net, dan steane nije aksjes al yn de steigers, sizze de fakbûnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)