Fakbûnen lilk op ferfierders

15 jul 2009 - 18:55
  • Aksje ferline jier simmer

Fakbûnen FNV en CNV binne lilk op de ferfiersbedriuwen yn it streekferfier. Neffens de fakbûnen hawwe dy ferline jier fierstente folle lean ynhâlden nei de stakingsaksjes yn de simmer. Yn maaie en juny waard ûnder oaren yn Fryslân aksje fiert foar in bettere CAO. Sa waarden yn de bussen gjin kaartsjes kontrolearre.

De bussjauffeurs moatte dêr no foar opdraaie. Foar dy wurkdagen krije se de helte minder lean. De fakbûnen fine dat oerdreaun en stape nei de rjochter.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)