Fakbûnen ha sprekoere by NDC

01 jul 2013 - 10:20

De fakbûnen hâlde moandei sprekoere by de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden. Dêr kinne minsken dy't fragen haw by har ûntslach har ferhaal dwaan. De fakbûnen fertinke it management fan de NDC mediagroep, útjouwer fan beide kranten derfan dat dizze him net hâldt oan de ôfspraken fan de reorganisaasje. Wurknimmers soenen net neffens it ôfspegelingsmodel ûntslein wurde, mar op oare kritearia. Dat is tsjin de ôfspraken en ûntwetlik.

Tiisdeitemiddei is in oerlis pland mei de direksje fan de NDC. Goed 200 minsken ha dien krigen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)