Fakbûn teloarsteld yn Kijlstra

26 feb 2009 - 20:22

De direksje fan Kijlstra Beton yn Drachten wol acht wurknimmers dy´t ûntslein binne gjin sosjaal plan oanbiede. Dat sizze de fakbûnen CNV en FNV nei de lêste ûnderhannelings. Kijlstra wol wol jild frijmeitsje foar de oergong nei oar wurk, mar wol de wurknimmers net finansjeel yn ´e mjitte komme.

De fakbûnen binne bot teloarsteld yn de hâlding fan it bedriuw. De ûntslaggen wiene nedich fanwege omsetferlies troch de kredytkrisis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)